WordPress.org

Oer

Tagonklikheid

Tagonklikheid

De WordPress-mienskip en it iepenboarne WordPress-projekt set him yn om sa ynklusyf en tagonklik mooglik te wêzen. Wy wolle dat brûkers, ûnôfhinklik fan apparaat of mooglikheden, ynhâld publisearje kinne en in webside of applikaasje ûnderhâlde kinne dy’t mei WordPress boud is.

WordPress wol de WordPress-admin en de meilevere tema’s, wêr mooglik, folslein yn oerienstimming bringe mei de Web Content Accessibility Guidelines (WCAG) 2.2 AA.

Alle nije en bywurke koade dy’t yn WordPress útbrocht wurdt, moat oan dizze rjochtlinen foldwaan neffens de WordPress Accessibility Coding Standards. Guon besteande funksjes en funksjonaliteit yn ûntwikkeling foldogge mooglik noch net folslein, en bekende problemen steane fermeld yn de WordPress Trac-fokus “accessibility”.

Wylst it WordPress-projekt net garandearje kin dat alle tema’s oan de easken foldogge, binne de tema’s dy’t klear binne foar tagonklikheid kontrolearre troch it Theme Review Team om derfoar te soargjen dat dizze tema’s troch harren basis-easken foar tagonklikheid komme.

It tagonklikheidsteam

It WordPress Accessibility Team leveret ekspertize op it mêd fan tagonklikheid yn it hiele projekt om de tagonklikheid fan de WordPress-kearn en boarnen te ferbetterjen.

It Hânboek foar tagonklikens dielt de bêste praktiken foar webtagonklikens, in list mei ark foar tagonklikens, de testen dy’t wy dogge om WordPress, tema’s en plugins te ferbetterjen, en hoe’tsto meidwaan kinst oan WordPress-tagonklikens.

Om in tagonklikensprobleem te melden datsto tsjinkaam bist yn WordPress of op WordPress.org, sjoch dan de side yn it Accessibility Handbook oer It melden fan tagonklikensproblemen.

ATAG-ferklearring

De Rjochtlinen foar tagonklikens fan authoring tools ferzje 2.0, of ATAG, binne in set rjochtlinen dy’t bepale hoe’t in ark makke wurde moat foar it meitsjen fan websiden dy’t sawol tagonklik binne as it meitsjen fan tagonklike ynhâld stimulearje.

De WordPress accessibility coding standards fereaskje dat nije of bywurke koade foldocht oan de noarmen fan de Web Content Accessibility Guidelines (WCAG) ferzje 2.0 op nivo AA. ATAG-neilibjen is in ekstra doel boppe WCAG-neilibjen.

In applikaasje dy’t folslein oan ATAG 2.0 foldocht, moat net allinnich brûkber wêze foar minsken mei in beheining, mar moat ek alle brûkers yn steat stelle en oanmoedigje om tagonklike ynhâld te meitsjen en harren helpe by it ferbetterjen fan tagonklikensflaters, sûnder dat dêrfoar ekstra ark of add-ons nedich binne.

WordPress foldocht op dit stuit net oan ATAG 2.0, mar seit ta om funksjes nei te stribjen dy’t tagonklik binne en dy’t brûkers helpe om tagonklike ynhâld te meitsjen, mei it langetermyndoel fan ATAG-neilibjen.